Luuk Klazenga (25 juny 1964 - Jirnsum, 13 augustus 2024) wie in Fryske tekener út Aldeboarn. Klazenga tekene foar de televyzjeprogramma’s en de boekjes oer Tomke. Neist syn wurk foar Omrop Fryslân makke er kleurplaten en wie hy belutsen by de Afûk.

As jonkje makke hy al graach tekeningen op syn basisskoalle yn Drachten. Op de middelbere skoalle tekene er mei in klasgenoat karikatueren fan dosinten. Mar it kaam net by him op om syn jild te fertsjinjen mei tekenjen. Klazenga begûn syn karriêre as kok by in ynstelling foar handikapte minsken. It foldie him net en hy naam ûntslach. Sûnt 1990 makke er wolris yllustraasjes foar it MSU, de Fryske ûnderwiisbegeliedingstsjinst dy’t letter ûnder Cedin foel. In jier as wat letter waard hy frege troch Afûk om in beuker te tekenjen foar in nij taalbefoarderingsprojekt. Mei dy opdracht koed er fierder as yllustrator.[1]

Luuk Klazenga wie de tekener fan Tomke en die dit al sûnt it begjin yn 1996. Hy makke yn al dy jierren in ûntelber soad tekeningen by ferhaaltsjes, by filmkes, wurkjes, kleurplaten en oar edukatyf materiaal.

Foar in Tomke ôflevering moast er fluch wurkje, mei't der foar ien ôflevering fan Tomke wol in stik as fyftjin tekeningen nedich wiene. Gauris ferstoppe hy in grapke yn syn tekeningen.

Mei syn broer hied er in draaioargel makke, dêr ’t hy ek mei optrede. By gelegenheid fan 25 jier Tomke gie de Afûk in moanne lang skoallen bylâns om in kofferke mei ferskate Tomke-spullen oan te bieden.[2]

Earste Fryske stripboek yn kleur

bewurkje seksje

[3] Yn 1996 makke hy tegearre mei skriuwer Willem Tjerkstra it earste oarspronklik Frysktalige stripboek yn kleur: De reizen fan Tsjam. [4] It boek wie it geskink de Sutelaksje en de Berneboekewike 1996.
Feije van der Meer út Burgum dy’t jierrenlang mei Klazenga gearwurke by de bernetelevyzje fan Omrop Fryslân typearre Klazenga as in 'kreativeling'. "Hy wie tige goed by steat om in ferhaaltsje út te byldzjen, dat is in fak op himsels. En at der bepaalde details yn moasten, dan soarge hy altyd dat dy deryn sieten."

Simke Kloostermanpriis

bewurkje seksje

It berneboek ‘Tomkes foarlêsfeest’ fan de skriuwsters Auck Peanstra (1954-2016) en Riemkje Pitstra en mei yllustraasjes fan Luuk Klazenga, wûn de Simke Kloostermanpriis 2019. It winnende boek ferskynde yn 2016 by útjouwerij Afûk ta de neitins fan Auck Peanstra. Op freed 17 maaie namen Riemkje Pitstra, Luuk Klazenga en Frâns Hoogland, de widner fan Auck Peanstra, de priis yn ûntfangst yn de Petrustsjerke yn Twizel.[5] It oanwizen fan dit boek as winner, wie neffens de sjuery tagelyk in earbetoan oan alle Tomke-boeken dy’t it trijemanskip fan 1996 ôf skreaun en yllustrearre hat oar it Tomke-projekt. Dit projekt wie in inisjatyf fan it Platfoarm lêsbefoardering Fryslân, bedoeld foar bern fan twa oant fiif jier. Dêrmei koe de priis ek beskôge wurde as in oeuvrepriis foar de trije skeppers fan de earste oere.[6]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tomketiid mei tekener Luuk Klazenga, de Moanne, 18 july 2013
  2. Tomke-draaiorgel trekt langs de scholen om "jubileum kracht bij te zetten ", Omrop Fryslân, 25 maaie 2021
  3. Tsjam kin de Fryske stripwrâld feroarje, Henk van der Veer yn Trotwaer 1996
  4. de vrije Fries - Jierboek útjûn troch it Frysk Genoatskip fan Skied-, Aldheid- en Taalkunde en de Fryske Akademy (1997)
  5. Simke Kloostermanprijs voor Tomke, Afûk, 20 maaie 2019
  6. Boekenijs, Fryslân Markant, 22 febrewaris 2019